It earste WK fan de JK (fan JK)

Der wienen fiersten temin opjeften foar de teatspartij dy plant wie foar hjoed, snein 11 juny 2005, mar wat wie it moai hjoed op it sportfjild yn Mantgum. De JK fan JK hie dizze dei ek it WK fan JK organisearre. De teatspartij waard ôflost. De jeugd kaam yn it oranje te keatsen hjoed. Yn fiif perken waard der omraak keatst. Jo kinne sjen dat oandacht en training resultaat opsmyt. Wat wie it gleon, faak waard it earst pas pakt op 6-6. Moai wat publyk op de banken en efter de tillegraven. Oare kear kinne der fansels noch folle mear by want der binne noch mear banken. De prachtige wikselprizen krije it kommende jier in moai plakje by de winners thús. Hjirneist de priiswinners fan de earste WK fan de JK (fan JK).

By de skoaljeugd wie de earste priis foar Johannes Muller en Maartje Slop. De twadde priis gong nei Martin Weda en Marijke Abma. By de welpen/pupillen wie de Earste priis foar Jente Wieberen Muller en Marloes Hartmans. De twadde priis foar Kristian van Zadelhoff en Loretta van der Galiën. De tredde wie foar Geart Reitsma en Melissa van der Galiën. Jente Wieberen en Johannes wiene út Wjelsryp ek al mei in priis thúskommen. By de skoaljongens wûn Johannes mei Ynte van der Veen de twadde priis. Jente Wieberen hie der in earste priis yn de ferliezers ronde wûn.

Geplaatst op 11 June 2006